Pardon-moasje opnij yn stimming

© Omrop Fryslân
In moasje foar in rommer generaal pardon yn de gemeenteried fan Smellingerlân moat by de folgjende gearkomste wer behannele wurde. Tiisdei stimden likefolle minsken foar as tsjin de moasje. Dy wie yntsjinne troch de PvdA-fraksje en waard stipe troch de FNP, GrienLinks en de fraksje-De Groot.
It belied wurdt yn de moasje ynhumaan neamd. CDA, VVD en ChristenUnie fine de moasje te omslachtich opsteld. De PvdA wol de moasje lykwols net ynkoartsje.