Skylge stipet museumskip

© Omrop Fryslân
Skylge stipet it museumskip Holland. De stichting dy't de eardere seesleper yn oarspronklike steat werombringt, krijt dêr 90.000 euro foar. It jild komt fan de gemeente, de ûndernimmersferiening en oannimmer Wegenbouw Stevin. De Friesland Bank en de famylje Doeksen jouwe ek jild.
It skip komt seis wiken yn de haven fan Skylge te lizzen. It wurdt ek brûkt as promoasje foar de seefeartskoalle en fart nei havens yn binnen- en bûtenlân.