Boeken oer Sint Piter
Grou fiert tradisjoneel gjin Sinteklaas yn desimber mar Sint Piter yn febrewaris. Mei de presintaasje fan twa boeken is tiisdei de Sint Piterbeurs iepene. De Goed-Hillichman komt dit jier foar de hûndertste kear yn it doarp. De boeken -ien foar folwoeksenen en ien foar bern- jouwe ynformaasje oer de bernefreon.
De Sint Piterbeurs duorret twa dagen. De bêste man komt mei syn feint op 14 febrewaris nei Grou ta.
Trefwurden:
argyf