Arkkisten op Flylân oanspield

© Omrop Fryslân
Tsientallen arkkisten binne tiisdei oanspield op it strân fan Flylân. Guon eilanners ha al op it strân west om de kisten te jutten. Hoewol't se yn it wetter lein ha, binne se net bot skansearre en fan goede kwaliteit.
Der sit gjin ark yn. Wêr't de kisten weikomme is in riedsel. Se binne nei alle gedachten fan in frachtskip ôfwaaid yn it stoarmwaar fan it ôfrûne wykein. Ek op it strân fan Texel binne arkkisten fûn.