D66 wol ek rommer pardon

© Omrop Fryslân
D66 Fryslân pleitet ek foar in rommere regeling foar útprosedearre asylsikers. Dêrmei nimt de druk op de Twadde Keamer mear ta. Earder pleiten alle 31 Fryske gemeenten, flechtlingewurk en tsjerken ek al foar in rommere pardonregeling.
De Steatefraksje en it regiobestjoer fan D66 stjoere in brief nei de Twadde Keamer. Neffens de polityk siktaris hat D66 foar de ferkiezings al sein foar in generaal pardon te wêzen foar útprosedearre asylsikers.