Alderein Snits kin wer dûse

© Omrop Fryslân
De legionellaproblemen yn soarchsintrum Bonifatiushûs yn Snits binne oer. De goed 100 bewenners koenen fiif wiken lang net dûse om't der legionella wie yn de wetterliedingen. De liedingen binne trochspield en kontrolearre.
Yn de dûsen fan swimbad de Frosk yn de Westerein is de legionella-baktearje oantroffen. It is net in skealike foarm. It swimbad bliuwt gewoan iepen. De dûsen binne wol ôfsletten. Besikers kinne ûnder de handikaptedûs.