Offier fan wetter giet goed

03 feb 2004 - 00:00

It wetter yn it PM-kanaal is by de Burgumerdaam mei seis sintimeter sakke. Oer it generaal is it wetterpeil yn de Fryske boezem hast gelyk oan dat fan moandei. De ôffier fan it wetter giet goed. De gemalen ha hast 14 miljoen kúb útwettere.

De súdwestlike wyn is wol lestich om't it wetter sa de boezem opdreaun wurdt. De binnen- en bûtengemalen bliuwe yn aksje. It Woudagemaal op 'e Lemmer draait mei in ekstra tsjettel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)