Advys gasboarjen komt yn maart

03 feb 2004 - 00:00

It kabinet kin pas heal maart in beslút nimme oer gaswinning op it Waad. De trije minsken dy't it kabinet om advys frege hat, binne noch net klear mei har wurk. Dat soe ein jannewaris dien wêze, mar dat slagge net.

It advys fan de Adviesgroep Waddenzeebeleid is útsteld om't de leden mear tiid nedich ha. De ynformaasje foar it advys moat noch analysearre wurde. Op 15 maart bringe se advys út oer gasboarjen op it Waad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)