Baktearje yn De Frosk

© Omrop Fryslân
By swimbad De Frosk op de Westerein is in ûnskealike fariant fan de legionellabaktearje oantroffen. De baktearje waard oantroffen yn in dûsj, by moanlikse kontrôle. In bepaald stikje lieding wie besmet. It swimbad is noch gewoan iepen.
Bepaalde farianten fan legionella kinne de feteranensykte feroarsaakje, dy't deadlik wêze kin. De Westereinder baktearje is lykwols net skealik. In part fan de dûsjromtes is ôfsletten.