Hirsi Ali:'flechtlingen útsette'

02 feb 2004 - 00:00

Fryske gemeenten moatte har dellizze by it asylbelied fan it regear. Dat fynt it Twadde-Keamerlid Hirsi Ali fan de VVD, dy't moandei yn Fryslân wie.

Fan de útprosedearre asylsikers komme 2000 yn oanmerking foar in pardon. De rest moat fuort fan it regear. Hirsi Ali begrypt it ferset fan de 31 Fryske gemeenten tsjin it beslút. Se hat sels ek muoite mei de regeling. Mar no't it beslút naam is moat it ek útfierd wurde, fynt se.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)