GGD: gjin soarch oer fûgelgryp

02 feb 2004 - 00:00

De GGD-Fryslân hat moandei sa'n 15 tillefoantsjes krigen oer de fûgelgryp. It giet benammen om reizgers dy't nei Azië ta geane, dêr't de fûgelgryp hearsket. Yn Vietnam liket de sykte har no fan minsk op minsk te fersprieden.

Neffens de GGD is der gjin reden foar soarch. Minsken dy't nei Azië ta geane, dogge der lykwols ferstannich oan net yn de buert fan plomfee te kommen. Ek moatte reizgers gjin bisten of fleis meinimme nei Nederlân ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)