Gerrit Kramer wint 4e Winterloop

01 feb 2004 - 00:00

De fjirde en lêste Winterloop yn Snits is wûn troch Gerrit Kramer. De Boalserter wie al gau los fan de rest en rûn de 7800 meter praktysk allinnich. Mei in achterstân fan 19 sekonden kaam Jan Albert Veenema (ek fan Boalsert) as twadde oer de finish.

Jan Boonstra fan Snits waard 24 sekonden letter tredde. Hella Yntema fan Boalsert wûn de striid by de froulju. Janneke Noorlander fan Snits waard twad, Marije Elferink-Gemser tred.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)