Formido Flyers winne Coupe
De lêste thúswedstriid fan iishockeyploech fan It Hearrenfean yn de Coupe der Lage Landen is opnij einige yn in oerwinning. Tsjin Olympia Heist waard mei 10-3 wûn. Erik Landman wie goed foar seis punten (twa goals).
John Versteeg skoarde trije kear. Nei ôfrin fan de wedstriid waard de Coupe der Lage Landen útrikt oan Flyers- oanfierder Lester Arts. Sneintejûn is de lêste wedstriid foar de Flyers yn Turnhout tsjin de White Caps.
Trefwurden:
argyf