Dak fan hûs waaid yn Hearrenfean

01 feb 2004 - 00:00

Mei de stoarm yn de nacht fan sneon op snein is in dak fan in wenning ôfwaaid op It Hearrenfean. De stoarm lei it dak del op in C&A-winkel. Plysje en brânwacht ha de omjouwing ôfset, sa hat de plysje snein bekend makke.

Dêrnjonken kamen by de meldkeamer fan de plysje Fryslân noch tsientallen meldingen binnen fan omwaaide beammen en oare stoarmskea. Yn Fryslân binne gjin ferwûnen fallen as gefolch fan de stoarm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)