Angenent wint op Weissensee

© Omrop Fryslân
Henk Angenent hat sneontemiddei de 16e alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk wûn. Angenent wie ek de winner fan de lêste 'echte' Alvestêdetocht yn 1997. De nûmer ien die fiif oeren, 30 minuten en 29 sekonden oer de 200 kilometer.
Bêste Fries wie Bert-Jan van der Veen fan De Jouwer. Hy waard tredde. Tongersdei wûn Van der Veen noch it kritearium op de Weissensee. Nûmer twa yn Eastenryk wie sneon René Ruitenberg.