'Wurk oan dyk gefaar foar bern'

31 jan 2004 - 00:00

It wurk oan de trochgeande dyk yn Twizelerheide is gefaarlik foar skoalgeande bern troch de grutte masjines dy 't brûkt wurde. Dat sizze ûngerêste âlden. It wurk oan de dyk op de Bjirkewei is no twa wike geande.

Wethâlder Pieter van Veen tinkt dat it mei it gefaar wol tafalt. Freed is der in stek om ien fan de skoallen set om foar te kommen dat bern dêr noch de dyk opkinne. It tal klachten falt boppedat mei, seit er.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)