AZC Hearrenfean yn juny ticht

31 jan 2004 - 00:00

It azc Hearrenfean giet op 30 juny definityf ticht. De kommende moannen moatte meiwurkers de sluting tariede en útfiere.

Dat it azc Hearrenfean ticht giet is al langer bekend. Earder gie it oantal bewenners fan it azc al werom fan 600 nei 400. By it azc wurkje tweintich minsken. Guon kinne by in oar sintrum op 'e nij oan it wurk, mar der sille ek minsken oar wurk sykje moatte, seit wurdfierder Ridden fan it COA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)