Earste gebarekafee yn Sfinks

© Omrop Fryslân
It earste gebarekafee fan Noard-Nederlân waard freedtejûn hâlden yn Sfinks op It Hearrenfean. Dat is, it wurd seit it al, in kafee dêr't foaral mei gebaren kommunisearre wurdt.
Yn oare parten fan it lân wiene al sokke kafees, mar yn it Noarden noch net. Dat waard wol tiid, fûnen de organisators. It kafee wie in súkses, der kamen mear as hûndert minsken op ôf. Tenei sil it kafee alle moannen hâlden wurde.