Ferlies foar Cambuur

31 jan 2004 - 00:00

Cambuur spile freed de earste wedstriid nei de winterstop. De Ljouwerters hiene dêrby gjin súkses. Yn Limburch ferlear de klub mei 1-0 fan it leech klassearre Fortuna Sittard.

De goal fan Fortuna foel yn de 46e minút. Bernard Schuiteman fan Cambuur krige de giele kaart. Cambuur stiet no fyftjinde. De folgjende wedstriid is freed, thús tsjin koprinner Helmond Sport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)