Mear asylsikers dûke ûnder

© Omrop Fryslân
Asylsikers dy't ûnderdûke by minsken thús. De ferwachting is dat dat de kommende tiid hieltyd faker barre sil. It is it gefolch fan it strangere frjemdlingebelied.
Boargemaster De Boer fan Ljouwert fynt it dreech om de plysje yn te setten by it útsetten fan útprosedearren. Mar se kin as korpsbehearder net foarkomme dat de plysje helpe moat. Se is ek benaud foar iepenlik ferset troch boargers by útsettingen.