Streekplan: Lj'teradiel skeptysk

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwerteradiel is skeptysk oer it nije streekplan fan de provinsje. De gemeente hie graach sjoen dat de provinsje Stiens as regionaal sintrum oanmerkt hie. Yn it plan stiet ek dat doarpen beheind huzebou tastean moatte foar de eigen ynwenners.
Neffens wethâlder Keizer fan Ljouwerteradiel moat dat foarnimmen mei mear nuansearring besjoen wurde. In doarp as Stiens kin bygelyks mear huzen oan as allinnich foar eigen ynwenners.