Prate oer ynternaat yn Ljouwert

30 jan 2004 - 00:00

B&W fan Ljouwert moatte mei de minister fan Underwiis en mei de provinsje prate oer in ynternaat foar lêstige jongeren yn de stêd. Dat fine riedsleden Van Olffen fan de PvdA en Feddema fan de VVD yn Ljouwert. Beide manlju kamen twa jier lyn mei in plan fan sa'n ynternaat.

Dat plan waard goed ûntfongen, mar krige net in konkreet ferfolch. Nei it deadlike sjitynsidint yn Den Haach is de diskusje oer lêstige learlingen wer aktueel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)