1 kandidatelist foar wetterskip

30 jan 2004 - 00:00

Seis lânbou-organisaasjes kamen freedtemiddei mei ien kandidatelist foar de nije wetterskipsferkiezingen. De organisaasjes, wêrûnder NLTO en de Agraryske Jongeren, wolle sa har ynfloed yn it nije wetterskip behâlde.

Mei útwreide stimrjochten foar hierders en húseigners binne de boeren har tradisjonele, machtige rol yn it wetterskip kwyt. Se moatte no fjochtsje om stimmen en dat kin better mei har allen as elk foar himsels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)