Ljouwert yn trek by Erasmusianen

30 jan 2004 - 00:00

Bûtenlânske útwikselingsstudinten komme graach nei Ljouwert. Dizze wike rint der in yntroduksjeprogramma foar 80 dielnimmers oan it Erasmus-programma, dy't in heal jier yn Ljouwert studearje sille. De measten komme út Spanje, Finlân en Dútslân, mar der binne ek Hongaren, Sweden, Frânsen en Poalen by.

De bûtenlânske studinten fine Ljouwert gesellich, mar wol hiel stil op snein. De studinten wurde yn Ljouwert opheind troch it Erasmus Student Network (ESN).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)