Provinsje ek tsjin útsettingen

© Omrop Fryslân
It provinsjebestjoer fan Fryslân slút har oan by it stânpunt fan de feriening fan Fryske gemeenten oer it útsetten fan útprosedearre asylsikers. De gemeenten wolle net oan sokke útsettingen meiwurkje foar't de fertreksintra ynrjochte binne.
Neffens de gemeenten hat minister Verdonk fan Frjemdlingesaken tasein dat der gjin útsettingen mear komme foar't dy sintra der binne. Nei alle gedachten sille dy der takom simmer wêze.