Fertochte brân Snits langer fêst

30 jan 2004 - 00:00

De man dy't der fan fertocht wurdt fan it oanstekken fan de grutte brân yn Snits tiisdei, moat noch tsien dagen fêstsitte. Dat hat de rjochter- kommissaris freed besletten. De man wurdt opsetlike brânstifting mei gefaar foar minsken en guod te lêste lein.

It giet om in 44-jierrige man sûnder fêst wenplak. Hy waard woansdei oanhâlden. De man wie dejinge dy't de brân tiisdei melde by de plysje. Hy hie in fjoerke makke om't er it kâld hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)