Mearfâldich ynbrekker oppakt

30 jan 2004 - 00:00

De plysje hat in man (34) út Snits oanhâlden op fertinking fan ynbraken by by ferskate âlderein- en fersoargingssintra. Se kamen him op it spoar nei in ynbraak yn in kantoar yn Frjentsjer. De oare ynbraken wiene ôfrûne simmer yn âldereinsintra op 'e Jouwer en yn Harns.

De man wurdt fierders beskuldige fan trochriden nei in oanriding yn Snits. Hy is foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)