Nij akwadukt Galamadammen

30 jan 2004 - 00:00

B en W fan Nijefurd wolle minder jild útlûke foar in nij akwadukt by de Galamadammen. De provinsje woe dat de gemeente 2 miljoen bydroech, mar dat jild is der net. Dêrom is de bydrage bysteld nei 8 euroton.

Earder dizze wike makke de gemeente Wymbritseradiel bekend gjin 2,5 miljoen foar twa akwadukten by Wâldsein en de Jeltesleat opbringe te kinnen. De hope is no dat de provinsje Wymbrits like soepel behannelet as Nijefurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)