Bysûnder muzykynstrumint: tubax

© Omrop Fryslân
It Frysk Saksofoanorkest hat in hiel bysûndere oanwinst: de tubax. It is de leechste saks dy't der bestiet. Boppedat binne der yn de hiele wrâld mar tritich eksimplaren fan.
Eigner Karel Veen hat it ynstrumint spesjaal bouwe litten yn München. De oanskaf is net om 'e nocht. In tubax kostet al gau sa'n 15.000 euro. Veen is de earste tubaxeigner yn Nederlân. Muzykpartijen foar dizze bassaks moatte noch skreaun wurde.