Brânwachtoefening kafee Bergsma

29 jan 2004 - 00:00

Nije wike tiisdei sil de brânwacht yn kafee Bergsma yn Easterein in grutte oefening hâlde. Mar leafst twa brânwachtkorpsen en fyftich sabeareslachtoffers sille dan oanwêzich wêze. De brânwachtkorpsen fan Wommels en Mantgum komme mei fjouwer weinen.

De oefening is troch eigner Bergsma sels oanfrege. Hy seach dat geregeld by oare bedriuwen oefene waard, mar noait by him. Dat moast oars, want ek hy wol syn klanten in feilich gefoel jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)