Grutte brân Snits oanstutsen

29 jan 2004 - 00:00

De dakleaze (44) dy't oppakt is foar belutsenens by de grutte brân yn Snits, hat yntusken bekend. Dat hat wurdfierder Olijerhoek fan 'e plysje tongersdei bekend makke. De man hie it tiisdeitemoarn betiid kâld krigen en woe himsels waarmje oan in fjoerke. Om in heale strjitte ôf te baarnen hie nea syn doel west, tinkt de plysje.

By de brân baarnden fjouwer gebouwen ôf oan 'e Alde Komerk yn it sintrum fan 'e Wetterpoartestêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)