Doarpshûs Baard samar ticht

© Omrop Fryslân
It doarpshûs fan Baard is tiisdei fan de iene op de oare dei sletten. In wurdfierder fan it doarpshûsbestjoer seit dat de sluting te krijen hat mei priveeproblemen tusken de behearders. Mar fierder wol er der neat oer kwyt.
It doarpshûs yn Baard wurdt al jierren rund troch twa manlju. It bestjoer sil sa gau mooglik mei harren prate. Wannear't it doarpshûs wer iepen giet, is noch net bekend.