Gemeenten stean achter asylsiker

© Omrop Fryslân
De Fryske gemeenten binne tsjin it op strjitte setten fan útprosedearre asylsikers. Dat waard tongersdei fêststeld op in gearkomste fan alle Fryske gemeenten op it gemeentehûs fan It Hearrenfean. Se stean net achter it asylbelied fan minister Verdonk. Dy wol 2000 asylsikers bliuwe litte en de rest it lân út hawwe.
It starre ryksstânpunt soe maatskiplike ûnrêst feroarsaakje. Dêrom hawwe de gemeenten fjouwer aksjepunten ôfkundige.