'Elk bedriuweterrein in wynmûne'

29 jan 2004 - 00:00

Alle nije bedriuweterreinen yn Fryslân moatte in wynmûne krije. It jild dat dêrmei fertsjinne wurdt, moat stutsen wurde yn ûnderhâld fan it terrein. Dat sei deputearre Baas woansdei op de jiergearkomste fan 'e ûndernimmers op bedriuweterrein De Himrik yn Ljouwert.

Ek bedriuweterrein de Himrik hie plannen foar in wynmûne. Lykwols, dy binne troch it Ryk ôfkard. Dat hat te krijen mei it leven dat in wynmûne makket.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)