Manifestaasje tsjin útsetbelied
Yn Ljouwert is oare wike tongersdei in grutte protestmanifestaasje tsjin it útsetten fan asylsikers. It protest is organisearre troch de ferskate tsjerken en flechtelinge-organisaasjes en sil wêze yn 'e Grutte Tsjerke. Minister Verdonk wol 26.000 asylsikers yn trije jier tiid it lân út hawwe. Foar 2000 fan harren wurdt in útsûndering makke: sy meie bliuwe. De Fryske gemeenten prate tongersdeitemoarn oer it asylbelied.
Trefwurden:
argyf