Priis foar studinten NHL
Fjouwer studinten fan de multymedia- oplieding fan de NHL yn Ljouwert ha in nasjonale priis wûn mei in stúdzjeprojekt. De studinten ha in multymediale lesmetoade makke mei as ûnderwerp: de yntegraasje fan handikapten yn ús maatskippij.
De makkers ha in folder, in printeboek foar de legere skoalle en in kompjûterspultsje foar it middelber ûnderwiis makke. It sintrale tema: Kom uit je Hok!
Trefwurden:
argyf