Nijstêd opnij fluorre

© Omrop Fryslân
Winkelstrjitte de Nijstêd yn Ljouwert wurdt meikoarten wer fluorre. De Sineeske leistien leit der sûnt in pear jier yn en fan it begjin ôf binne der problemen. De stiennen lizze los om't se nei ûnderen ta taps tarinne.
Op de súdkant fan 'e Nijstêd, dat is de net-stille kant, wurdt beton stoart en dêr komme de stiennen yn te lizzen. Oan 'e oare kant bart dat net fanwege de gas- en stroomliedings. It wurk duorret fan maaie oant oktober.