Jild Ketlik foar doarpsfernijing

28 jan 2004 - 00:00

Ketlik krijt 120.000 euro foar doarps- fernijing. In part wurdt brûkt foar it ynstellen fan in 30 km-sône yn de doarpskearn. De rest giet nei de ynrjochting fan in tsjerkeplein en de klokkestoel. De gemeente Hearrenfean en de provinsje jouwe elk 30.000 euro.

De oare 60.000 euro komme út Europeeske jilden. In wurkgroep fan Pleatslik Belang hat in plan makke foar de doarpsfernijing. Der wurdt ek in boek útjûn om't doarpsbelang 75 jier bestiet

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)