Sibon makket rentree tsjin Ajax

© Omrop Fryslân
Gerald Sibon en Petter Hansson meitsje woansdei har rentree yn it basisalvetal fan SC Hearrenfean yn de thúswedstriid tsjin Ajax. Sibon wie blessearre, mar trainer Foppe de Haan fynt him no fit genôch. Ek Hansson is wer better.
Marcel Seip en Giorgios Samaras dy't sneon tsjin Vitesse noch fan it begjin ôf spilen, sitte no op 'e bank. Richard Knopper ferhuzet nei de linkerkant. It Fean hiert Knopper fan Ajax en it is foar him dus in spesjale wedstriid.