Undersyk nei brân azc Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De technyske resjerzje ûndersiket de brân yn it asylsikerssintrum fan Frjentsjer. Tiisdeitenacht wie dêr in koarte, mar fûle brân. De brân ûnstie yn in sliepkeamer. It appartemint is troch it fjoer ûnbewenber wurden. Ek apparteminten dêrboppe ha grutte skea.
In part fan de dupearre bewenners hat tydlik ûnderdak krige by freonen dy't ek yn sintrum ferbliuwe. Alve asylsikers binne oerpleatst nei it azc yn Dokkum.