Kreakers moatte pân ferlitte

28 jan 2004 - 00:00

De kreakers dy't yn it pân oan de Willemskade yn Ljouwert wenje, moatte it gebou ferlitte. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert bepaald. It pân is eigendom fan de Fryslân Bank, dy't in koart pleit oanspande.

De bank wol it gebou ferkeapje of ferhiere, mar de kreakers lieten de makelder net ta. Neffens de rjochter is der gjin akute wenteneed yn Ljouwert. De kreakers moatte der foar heal maart út wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)