Hertsje en stabij wer teplak

© Omrop Fryslân
It damhertsje en de stabijhûn binne wer werom by de eigner. De plysje pikte de beide bisten woansdei fan de A31 by Frjentsjer en brocht se nei asyl de Wissel yn Ljouwert. Dêr melde de eigner út Doanjum him.
De famylje yn Doanjum hie it hertsje mei de flesse grutbrocht. It bistje is no in healjier en is nei alle gedachten by fersin fan it hiem rûn. De trouwe hûn gie syn maatsje efternei om him te beskermjen.