Buertteam pakt probleemjeugd oan

28 jan 2004 - 00:00

Smellingerlân stelt fiif buertteams oan dy't de jongerein yn 'e gaten hâlde. Dêryn sitte meiwurkers fan 'e plysje, skoallen en ferslavingssoarch. Ien kear yn de moanne komme se byinoar om problemen te besprekken.

Doelgroep binne bern oant 12 jier fan allochtoane âlden, âlden mei lege opliedings of ienâlder-húshâldings. As guon fan sokke bern ekstra omtinken krije, kin dat swierrichheden yn 'e takomst tefoaren komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)