Aldste rêdingboat wurdt opknapt

27 jan 2004 - 00:00

De âldste motorrêdingboat fan de wrâld, de Rutger fan Rosenburg, wurdt wer yn eare hersteld. De boat hyt no Elisabeth en waard tiisdei nei de helling yn Wergea fearn. Dêr wurdt er restaureard, wêrnei´t er nei museum Het_Behouden_Huys op Skylge brocht wurde sil.

By it út it wetter heljen fan de boat knapte in kabel, mar de boat rûn allinnich in pear kraskes op. De restauraasje kostet sa´n 75.000 euro en sil heal maaie klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)