Tal boetes flink omheech

© Omrop Fryslân
Ferline jier binne der goed 10 miljoen ferkearsboetes útskreaun. Dat is in miljoen mear as yn 2002. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Justisjeel Ynkasso Buro yn Ljouwert.
It grutste oandiel fan de bekeuringen is minsken fy't te hurd ride, 7,6 miljoen. De measten dêrfan falle binnen de beboude kom. De oare trije miljoen binne foar it riden troch read ljocht of it net om hawwen fan de feilichheidsrym.