Neiblussen giet hiele dei troch

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Snits hat tiisdei de hele dei dwaande west mei it neiblussen fan de brân oan de Oude Koemarkt en it Oud Kerkhef yn it sintrum fan Snits.
Moarns betiid baarnden in kapperssaak, in restaurant en twa winkels út. Fierder wie der in soad skea by in lampewinkel, in makelder en it tydlike VVV-kantoar. Oare gebouwen hiene reek- en wetterskea. De materiële skea rint yn de miljoenen, mar persoanlike ûngelokken wiene der net.