Regels swimbad oanskerpe

© Omrop Fryslân
De regels foar swimbaden wurde oanskerpe troch de ûnploffing yn De Wettervlecke yn Surhústerfean. Begjin jannewaris klapte dêr by ûnderhâldswurk oan it wetterfilter in tank útinoar. De oarsaak wie wetterstof, dêr't ek wol bommen fan makke wurde.
Saakkundigen binne no noch dwaande de skea fêst te stellen. It bestjoer fan it iepenloftswimbad wol in nij filter oanskaffe. Mar mei de iepeningsdatum 30 april wurdt dat krap.