''Net alle supporters straffe''

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean sil net alle supporters dy't sneon belutsen wiene by de fernielings oan in trein like swier straffe. Foarsitter Riemer van der Velde wol ûnderskied meitsje tusken de echte rêddraaiers en de supporters dy't allinnich mar lulk waarden, omdat se yn Swolle werom stjoerd waarden. Mei dy twadde groep wol Van der Velde prate.
Mar it ôfstekken fan fjoerwurk en oare fernielings yn 'e trein falt net goed te praten, sa seit Van der Velde.