Lekkerij Andinet falt ta

© Omrop Fryslân
De lekkaazje fan 'e fergifkonteners fan 'e Andinet dy't burgen binne út 'e Noardsee falt ta. Dat docht bliken út wettermeunsters. Flakby it plak is in lichte konsintraasje arseenpentokside en op 150 meter ôfstân is gjin ferheging konstatearre. Moandeitejûn is de tredde en lêste fergifkontener boppe wetter helle.
De trije konteners sloegen yn desimber oerboard fan it Etiopyske skip Andinet. De 63 losse fetten binne noch poater.