Untslaggen by werf Volharding

© Omrop Fryslân
Skipswerf Volharding Shipyards yn Harns jout 35 fan 'e 70 reparaasjemeiwurkers dien. De ûntslaggen binne nedich om't der hieltyd minder skippen reparearre wurde. Dat bart no yn East-Europa dêr't de leanen leger binne.
De fakbûnen sille mei de ûndernimmingsried en de direksje fan 'e werf prate oer in sosjaal plan. Neffens FNV-Bondgenoten moat de oerheid no ris trochpakke mei stimulearingsmaatregels foar de skipsbou.